PvdA stelt ombudsteam yn

De PvdA op It Hearrenfean stelt in eigen ombudsteam yn. Dat moat harkje nei ynwenners en besykje in oplossing te finen foar problemen. Dat kin bygelyks troch út te sykjen hokker ynstânsjes oer in probleem gean. It team sil gearwurkje mei besteande foarsjennings, lykas in fakbûn of in WMO-loket.
It PvdA-ombudsteam is fergees. Net-leden meie der ek in berop op dwaan. Oer twa wike is de offisjele start mei Twadde-Keamerlid Agnes Wolbert.