Stellen byldskerm ûnder de jas

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert twa ynbrekkers oanhâlden. Nei in ynbraakmelding seach de plysje twa fertochte manlju hurd fuortfytsen yn de Gouden Regenstrjitte. Se koene ien fan harren, in 46-jierrige Ljouwerter, oanhâlde. Hy hie in stellen byldskerm ûnder de jas.
De twadde fertochte, in 36-jierrige man, is thús oanhâlden. De man hie in beurs út in hûs oan de Iestrjitte by him. Ut ûndersyk die bliken dat dêr ynbrutsen wie.