Ferlies foar Schuil/Nummerdor

Schuil en Nummendor
It is beachfollyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor net slagge om harren sânde finale op in World Tour-wedstriid te winnen. Eardere finales wûnen se altyd wol. Yn Skeveningen ferlearen se yn trije sets mei 21-15, 18-21 en 8-15 fan it Braziliaanske duo Cunha en Ricardo.
Ferline wike wûnen Schuil en Nummerdor yn itselde stadion fan Skeveningen foar de fyfde kear op rige de Nederlânske titel.