Njoggen Feansters pakke punt

28 aug 2011 - 16:29

Sportklup Hearrenfean hat mei njoggen man in punt yn De Rotterdamske Kuip pakt. Tsjin Feyenoord waard it nei in dreech slot 2-2. It Fean kaam yn de 26e minút op foarsprong troch in penalty fan Dost, mar dêrnei makke Fer foar de Rotterdammers lyk. Nei rêst skoarde Assaidi de 2-1 en Cabral op 'e nij de lykmakker.

Doe't Zomer de twadde giele kaart krige en Schmidt ek noch read, stie de ploech fan Ron Jans oant de ein fan de wedstriid mei de rêch tsjin de muorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)