De Roos wint FK ielrikjen

28 aug 2011 - 15:35

De achttjinde edysje fan it FK ielrikjen yn Tsjalbert is sneon wûn troch Eddy de Roos út Feanwâlden. Dat wie de grutte favoryt. Doede Postma, dy't al fjouwer kear earder de titel opeaske, slagge der net yn te winnen.

53 dielnimmers strieden om De Skiere Iel. De wikselpriis fan rustfrij stiel is makke troch ielfisker Hans de Haas. Earder hie de Keuringsdienst van Waren wolris oanmerkings op de hygiëne. Dizze kear wie alles goed foarinoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)