Ynbraak by tennisferiening

28 aug 2011 - 15:20

By in ynbraak yn de kantine fan in tennisferiening yn Stiens is sneon wat snobbersguod en drank stellen. De ynbrekker bruts de tagongsdoarren mei geweld iepen om deryn te kommen.

De skea rint neffens de behearder yn de tûzenen euro's. Djoer guod lykas in televyzje en in kompjûter lieten de ynbrekkers stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)