Westereender mishannele

28 aug 2011 - 15:07

In 16-jierrige jonge út De Westereen is sneontejûn slein troch in 21-jierrige Burdaarder. Dat wie op de Foarwei yn Wâlterswâld. Ferskate minsken, ûnder wa in befeiliger, hiene dat sjoen.

De plysje hat de Burdaarder oanhâlden. De man is meinaam nei it buro. It 16-jierrige slachtoffer hat oanjefte dien fan de mishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)