Harkemase Boys ferliest

Harkemase Boys hat sneon mei 3-0 fan Capelle ferlern. It wie de twadde wedstriid dit seizoen yn de topklasse foar de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis. Beide ploegen krigen kânsen, mar Capelle sprong dêr yn de 18e minút better mei om: 1-0. Nei de tee skoarde de thúsploech binnen de oere de oare twa doelpunten.
De krekt 19-jierrige Erolind Derguti stie yn de spits, mar Harkemase Boys tinkt kommende wike noch in spits oan te lûken.