Sutelaksje yn Stellingwerven

28 aug 2011 - 13:36

De sutelaksje fan 'e Stellingwarver Skrieversronte set moandei wer út ein. Njonken besteande boeken dy't yn it Stellingwerfsk skreaun binne, wurde ek nije titels hûs-oan-hûs te keap oanbean. De Skrieversronte besiket de 150e útjefte, it boek "In beul van een doktor' fan Rob Zethoven, oan de man te bringen. Der binne ek twa nije berneboekjes útbrocht.

Moandei begjint de ferkeap yn de gemeente Eaststellingwerf. Fan nije wike woansdei is it yn Weststellingwerf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)