Gebietsferbod skeind

28 aug 2011 - 12:55

De plysje hast sneon twa ynwenners fan Ljouwert oanhâlden omdat se net yn de Ljouwerter binnenstêd komme meie. Beide manlju hawwe yn it ferline foar oerlêst soarge yn it sintrum. Dêrom hawwe se foar bepaalde tiid in gebietsferbod.

Ien fan de manlju waard yn trije wike tiid al foar de tredde kear oanhâlden foar it gebietsferbod. De oare wie ek al faker oanhâlden fanwege skeinen fan it ferbod. Tsjin beide manlju is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)