Ultrarinster De Groot finisht
Ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert hat sneon yn Amearika de finish helle fan de meunstertocht hurdrinnen fan Los Angeles nei New York. De tocht waard rûn yn santich dagen.
De Groot hat 4700 fan de mei-elkoar 5000 kilometer lange tocht rûn. Se moast in pear kear útstappe yn ferbân mei de waarmte. Dêrtroch die se ek net mear mei foar it einklassemint.