Graffitykeunst yn Drachten

28 aug 2011 - 10:16

By it nije jongeresintrum yn Drachten hawwe jongeren sneon twa muorren fan mei graffitykeunst foarsjoen. It giet om twa muorren fan seis en fjouwer meter lang. De gemeente Smellingerlân hat dy beskikber steld oan de Stifting Aerosol Art Drachten.

De stifting wol mei spesjale graffityprojekten tefoaren komme dat rûnom yn de gemeente graffity spuite wurdt en dêrtroch oerlêst ûnstiet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)