Helmholt wint NK mei nij rekôr

28 aug 2011 - 08:26

Bart Helmholt hat sneon yn Linschoten it Nederlânsk kampioenskip fierljeppen wûn. Mei in sprong fan 21,51 meter sette er in nij Nederlânsk rekôr del. It âlde rekôr stie op 21,26 meter.

Jaco de Groot út Woerden waard twadde (21,01 meter). Frysk kampioen Thewis Hobma waard tredde mei in sprong fan 19,51 meter. Hannes Scherjon einige as fjirde mei 19,14 meter. Nard Brandsma waard fyfde mei 18,64 meter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)