Hûne-optocht yn Ljouwert

27 aug 2011 - 16:50

Yn it sintrum fan Ljouwert wie sneontemiddei in optocht fan in lyts twahûndert hûnen mei harren baaskes. It is in foarpriuwke foar de Eurodogshow. Dy wurdt takom wike hâlden yn it WTC Expo. Oan it spektakel dogge 11.000 hûnen mei.

De organisaasje wol mei de hûnemars de Eurodogshow bekendheid jaan. Doel wie ek om safolle mooglik ferskate hûnerassen byinoar te krijen. Wethâlder Isabelle Diks rûn foarop mei har eigen hûn Fluffy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)