Foppe-Tûvalû wint earste match

© Omrop Fryslân
It nasjonaal alvetal fan Tûfalû hat de earste wedstriid op de Pacific Games wûn. De ploech fan Foppe de Haan wûn mei 4-0 fan Amerikaansk Samoa. De Pacific Games binne dizze wike út ein set. Se wurde holden yn Nij Kaledoanië by de Fiji Eilannen.
Tûfalû is in lyts eilantsje yn de Stille Súdsee. Foppe de Haan is foar fiif wike ynhierd om de ploech op in heger nivo te bringen. Doel is in FIFA-lisinsje. Tiisdei spylje se de folgjende kwalifikaasjewedstriid.