Kennedymars: 80 km kuierje

27 aug 2011 - 15:39

De fyfde Kennedymars yn Fryslân hie dit jier 385 dielnimmers. Sy rûnen 80 kilometer troch de Wâlden. De start en de finish wie yn Wâlterswâld. De start wie freedtejûn. De dielnimmers hawwe de hiele nacht trochrûn.

De Kennedymars is in jierlikse kuiertocht, oerwaaid út Amearika. Hy is betocht troch de eardere president Kennedy. It waar foel úteinlik bot ta yn de nacht. De dielnimmers hawwe mar twa kear in bui hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)