Dútse (23) mei foet yn speaken
In Dútske frou fan 23 jier is freedtenacht op It Amelân ferwûne rekke doe't se mei de foet yn de speaken fan in fyts kaam. Dat barde op kemping Klein Vaarwater yn Bueren. De brânwacht moast deroan te pas komme om de foet derút te heljen.
De frou hat troch it ûngelok de foet brutsen. Se is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins oerbrocht.