Healneaken achter froulju oan
In 24-jierrige automobilist út Dronryp is yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert oanhâlden, omdat er twa fytsters sa goed as neaken yn 'e auto folge. De beide froulju hawwe dêrnei 112 belle mei in goede omskriuwing fan de auto.
De plysje koe de Dronrypster yn de Carel van Mandersstrjitte oanhâlde. Hy hie op dat momint allinnich in t-shirt oan.