Breuer foar Kruiswijk

27 aug 2011 - 12:18

Hearrenfeanferdediger Michel Breuer spilet yn de wedstriid fan kommende snein tsjin Feyenoord wer yn de basis. Breuer wie syn basisplak kwytrekke yn de wedstriid tsjin FC Twente, mar hy nimt no it plak oer fan oanfierder Arnold Kruiswijk. De oanfierdersbân sil no droegen wurde troch Viktor Elm.

Fierder spilet Hearrenfean mei deselde spilers as ferline wike tsjin FC Twente. Hearrenfean stiet op dit stuit lêste mei ien punt út trije wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)