Twa slim ferwûnen op kemping

27 aug 2011 - 10:20

Troch in ûntploffing fan in flesse bio-etanol binne freed twa froulju slim ferwûne rekke yn it gesicht. Dat barde op kemping Tusken de Marren yn Akkrum by it neifoljen fan sfearljochten.

De froulju hearden by in motorclub dy't mei fjirtich leden op de kemping stiene. Se sieten byinoar yn in partytinte. By it neifoljen krûpte it fjoer omheech de knypflesse yn. De flesse ûntplofte. De beide froulju út Noard-Hollân dy't it tichtste by sieten, krigen de folle laach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)