Earste thúsoerwinning Cambuur

26 aug 2011 - 23:07

Sportklup Cambuur hat tsjin Fortuna Sittard de earste thúsoerwinning fan it seizoen behelle: 3-1. Yn de earste helte spile Cambuur knap, mar kaam it net ta skoaren. Fortuna naam yn de 40e minút brutaal de lieding troch in prachtgoal fan Harrie Gommans.

Nei it skoft spile Cambuur ek goed en kaam it troch in strafskop fan Erik Bakker op 1-1. Dêrnei sette de ploech goed troch en fia Oguzhan Türk en ynfaller Charles Dissels (noch gjin minút yn it fjild) waard it 3-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)