Tsjongerskâns: gjin lintsje

26 aug 2011 - 12:50

Sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean docht net mei oan in ûndersyk fan de boarstkankerferiening. Dy jout in karmerk as pasjinten tefreden binne. Om't De Tsjongerskâns net meidocht, krijt it sikehûs ek gjin lintsje.

De oare Fryske sikehuzen dogge wol mei. De boarstkankerpasjinten dêr binne tefreden en dy sikehuzen krije wol in lintsje. De takennings fan it lanlik ûndersyk waarden freed bekendmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)