Harnzer bespuite en skopt

26 aug 2011 - 11:51

In 26-jierrige Amsterdammer hat yn de nacht fan tongersdei op freed yn Harns in 19-jierrige ynwenner fan de stêd mei pepperspray bespuite. Dêrnei skopte er de man ek noch. It slachtoffer die oanjefte by de plysje. Dêrnei giene plysje en it slachtoffer op syk nei de dieder.

It slachtoffer belle de plysje doe't er de dieder stean seach. De Amsterdammer waard oanhâlden. Neffens tsjûgen hie er it buske pepperspray yn it wetter smiten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)