Fryske mûne makket rein

26 aug 2011 - 11:35

It Frysk bedriuw Dutch Rainmaker hat in mûne makke dy't rein meitsje kin. De grutte turbine kin wetter út de loft helje. Yn lannen dêr't it droech is, kinne minsken sa dochs genôch drinkwetter krije.

Twa jier ferlyn begûn it bedriuw mei de earste eksperiminten. By Goutum wurdt no de earste echte reinmûne boud. Dy giet ynkoarten nei Koeweit. As de mûne dêr goed wurket, gean der letter mooglik mear nei de Hoarn fan Afrika. Dêr is it faak tige droech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)