Brutsen noas troch kopstjit

26 aug 2011 - 10:46

In Ingelsman (42) is op West-Skylge oanhâlden foar mishanneling. Hy woe by in hoarekagelegenheid nei slutingstiid nei it húske. De portiers woene him der net mear ynlitte. Dêrop woe de man tsjin it rút fan in winkel dêrnjonken oan pisje. De portiers joegen de man in triuw om dat tsjin te gean.

De Ingelsman joech nei de triuw ien fan de portiers in kopstjit. Dy portier rûn dêrtroch in brutsen noas op. De plysje hat de Ingelsman oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)