SWF kin gjin omrop kieze

26 aug 2011 - 10:39

De gemeente Súdwest-Fryslân wol gjin kar meitsje tusken de lokale omroppen SWF Lokaal en Radio Markant. Se wolle dat oerlitte oan it Kommissariaat foar de Media. Dat skriuwe boargemaster en wethâlders oan de gemeenteried.

Beide omroppen wiene al byelkoar gien. Mar troch argewaasje yn it bestjoer is de fúzje ôfketst. De gemeente tinkt dat beide omroppen oan de regels foldogge. It Kommissariaat soe in harksit hâlde kinne om beide kanten te hearren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)