Om 'e nocht 112 belle

In 32-jierrige frou út Ljouwert hat tsientallen kearen om 'e nocht 112 belle. Se is tiisdei thús oanhâlden nei't se wer ris it neednummer belle hie. De frou ûntkende earst, mar doe't se konfrontearre waard mei in opname fan it gesprek joech se ta.
De plysje hat de belster meinaam nei it buro om heard te wurden. Dêr ferklearre de frou dat se tsientallen kearen 112 belle hie. Se hat psychyske problemen en sil har behannelje litte troch de GGZ.