Autocross yn Hallum giet oer

26 aug 2011 - 10:01
Earder hier de Swarte Kross yn Blije ek al te krijen mei wiet waar (foto: Omrop Fryslân)

De autocross yn Hallum dy't foar sneon op it program stie, giet net troch. It terrein dêr't de cross hâlden wurde soe, is te wiet. De organisaasje hat freedtemoarn besletten it evenemint ôf te sizzen.

De Hallumer autocross sil no op 17 septimber hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)