Jenni de Groot tichtby finish

Noch trije etappes en dan hat ultrarinster Jenni de Groot út Ljouwert de meunstertocht hurdrinnen fan Los Angeles nei New York folbrocht. De Groot hie ôfrûne wike wol wat lêst fan in blier en is ek in kear fallen mar koe alle etappes folbringe.
Yn totaal hat De Groot no hast 4000 kilometer ôflein en dat is sa'n 1000 km minder as de rinners dy't noch foar it klassemint stride. De Groot docht net mear mei foar it klassemint.