Slingepark Jam Festival ôfsein

25 aug 2011 - 16:27

It Slingepark Jam Festival yn Drachten dat dit wykein holden wurde soe giet net troch. De organisaasje fan it skate-festival hat dat besletten om't it waarsfoarútsjoch te min is.

Neffens de organisaasje is it net feilich om de skaters en skateboarders op in wiet parcours ride te litten. Ek soe de livemuzyk en grafittykeunst bot lêst hawwe fan de rein. Yn 2012 hopet de organisaasje wol wer in Slingepark Jam festival te organisearjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)