Drive-in teater op Breesândyk

25 aug 2011 - 14:37

Teaterprodusint BUOG út Ljouwert wol yn de simmer fan 2013 in iepenloftspektakel realisearje yn de bûtenhâven fan Breesândyk op de Ofslutdyk. Besikers kinne dat spektakel dan folgje yn de eigen auto.

Foar it projekt sil BUOG meikoarten seis jonge teatermakkers werve. Sy krije in oplieding en begelieding en sille mei-inoar de foarstelling meitsje. Fierder hat BUOG wol in pear hûndert amateur-meiwurkers nedich út Fryslân en Noard-Hollân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)