Selstraf foar Jouster learaar

25 aug 2011 - 14:16

De 32-jierrige fuotbaltrainer en ûnderwizer fan de Jouwer dy't fertocht wurdt fan it meitsjen fan berneporno hat 18 moanne sel oplein krigen, wêrfan 6 ûnder betingst. Dêrneist mei de man 3,5 jier net as learaar oan it wurk.

It IM hie frege om him ek in kontaktferbod mei bern op te lizzen mar dat wiist de rjochtbank ôf. Hy is feroardiele foar it yn besit hawwen fan berneporno mar net foar it meitsjen derfan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)