Optimisme oer takomst DOK18

25 aug 2011 - 12:46

De gemeente Dongeradiel is opnij mei de eigners fan DOK18 yn petear om toch wer foarstellings mooglik te meitsjen yn it Dokkumer teater. It gemeentebestjoer en de beide oare belutsen partijen binne sûnt woansdei wer yn ûnderhanneling.

In konflikt oer de eksploitaasje fan it teater rûn sa heech op dat de saak foar de rjochter kaam dy't de gemeente in tik op de fingers joech. Dy gie dêr tsjin yn berop. De gemeente wurdt net wer hierder mar sil subsydzjes jaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)