Tal fraachtekens by SC Cambuur

25 aug 2011 - 12:30

It is noch net wis oft Mark de Vries, Martijn Barto en Erik Bakker freed meispylje kinne by Sportklup Cambuur tsjin Fortuna Sittard. Alle trije spilers binne licht blessearre.

Mohamed El Makrini docht yn elts gefal net mei. Hy hat in skuorke yn in búkspier. Marco van der Heide en Robert van Boxel binne al langer blessearre. Oan de oare kant binne Oguzhan Turk en Leon Hese wol wer ynsetber. Sy komme werom fan in skorsing.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)