Rute-yngoaier Ankers noch fêst

De 48-jierrige Ljouwerter dy't op 12 augustus oanholden is foar fernieling fan de ruten fan it advokatekantoar Anker en Anker bliuwt noch 30 dagen fêstsitten. Dat hat de riedkeamer fan de rjochtbank woansdei besletten.
De man fernielde yn ferskate nachten acht ruten fan it kantoar. Hy hat dat dien fanwege de saak Vaatstra. Neffens de fertochte sitte de Ankers yn in komplot en witte de advokaten krekt as hysels wa't Marianne Vaatstra yn 1999 fermoarde hat.