Frou botst op lantearnepeal

25 aug 2011 - 11:04

In 65-jierrige ynwenster fan Nijlân is woansdeitejûn yn Snits op in lantearnepeal riden. De frou hie tefolle drank op. In tsjûge seach hoe't de frou op de hoeke fan de Fiem en de Palm mei de auto tsjin in lantearnepeal ried en dêrnei útnaaide.

De tsjûge belle 112 en de plysje koe har even letter oanhâlde. De frou moast har riidbewiis ynleverje en krige in rydferbod oplein fan 7 oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)