Frou ferwûne by botsing

25 aug 2011 - 10:21

In 50-jierrige frou út Noardwâlde is woansdei ferwûne rekke by in oanriding yn Blesdike. De frou ried yn de rjochting fan Oldemarkt doe't se ynienen de ôfslach nei de Markeweg naam. Se seach in auto dy't har yn 'e mjitte kaam oer de holle. Dy waard bestjoerd troch in 61-jierrige ynwenner fan Oldemarkt.

De automobiliste út Noardwâlde rekke ferwûne oan it boarst, har tsjinlizzer kaam mei de skrik frij. Beide auto's rekken folslein fernield.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)