Trije froulju stelle auto

25 aug 2011 - 10:07

De plysje hat woansdei trije froulju oanholden op fertinking fan it stellen fan in auto. Op de Rinia van Nautawei by Gytsjerk remme de bestjoerster ôf doe't se de plysje seach. Dêrnei joech de frou fuort wer gas. De plysjes krigen it idee dat der wat net doogde en holden de auto oan. Dy wie ferline wike stellen yn Kennemerlân.

De ynsitters, twa froulju út Almere fan 18 en 30 jier en in frou fan 30 út Amsterdam, binne oanholden. De auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)