Foarrang foar optocht Sint Nyk

It wurk oan de brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Spannenburch wurdt spesjaal foar de optocht yn Sint Nyk útsteld. De nije wike wurdt alle dagen fan tsien oere jûns ôf troch de provinsje wurke oan de brêge. Dy is dan stremd foar alle ferkear.
Om besikers fan de optocht yn Sint Nyk út Gaasterlân de kâns te jaan nei ôfrin fan de optocht wer thús te kommen, set it wurk op de tongersdei pas om tolve oere nachts útein.