Waadferiening bliid mei beslút

24 aug 2011 - 14:51

De Waadferiening is bliid dat de Raad van State twa fergunningen foar de koalesintrale yn De Eemshaven ferneatige hat. It giet om natuerbeskermingswetfergunningen dy't ôfjûn wiene troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en it ryk.

De Raad van State hat sein dat net goed genôch ûndersocht is oft de natuer yn it gebiet gjin lêst hat fan de sintrale. De Waadferiening hie de fergunningen oanfochten, mei in tal oare natuer- en miljeuorganisaasjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)