Bedriuwen yn âld DE-gebou

24 aug 2011 - 11:02

De âlde monteurswurkpleats fan Douwe Egberts op 'e Jouwer wurdt in sintrum foar bedriuwen dy't nije produkten betinke. Yn it gebou kinne sy kantoaren brûke om de útfiningen te ûntwikkeljen. De inisjatyfnimmer wol ek in database meitsje fan alle bedriuwen yn de regio dy't mei fernijing dwaande binne.

De provinsje jout 200.000 euro subsydzje foar it plan. Oer in pear jier moatte sa'n 15 bedriuwen yn it gebou op De Jouwer sitte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)