Plysje pakt kreaker yn skoalle

24 aug 2011 - 10:33

De plysje hat tiisdeitenacht in kreaker fan It Hearrenfean yn Drachten oanhâlden. De man fan 62 jier hie in rút fan in leechsteande skoalle oan de Torenstrjitte fernield om binnen te kommen. De man hat himsels derby ferwûne.

Plysjes seagen in spoar fan bloed it gebou yn gean. De man lei op de earste ferdjipping te sliepen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)