Definsje by Fiskerijdagen

© Omrop Fryslân
Op de slotdei fan de fiskerijdagen yn Harns is in echte F16 te sjen. It tastel stiet sneon opsteld op de kade yn de stêd. Underhaldspersoniel en wapenspesjalisten binne der by om fragen fan besikers te beäntwurdzjen. Ek kinne bern tsjin in fergoeding by de F16 op de foto. De opbringst is foar in goed doel.
Definsje is wol faker by de fiskerijdagen. Der binne demonstraasjes mei de rêdingshelikopter, ek dit jier.