Appels en parren betiid ryp

De appels en parren binne dit jier wol twa wike earder ryp as oars, troch de betide maitiid. De mindere simmer hat dêr neat oan feroare. Sa kin it dat der no al appel- en parresoarten yn de winkel lizze, dy't oars pas yn septimber te keap binne.
Foaral by de parren is der ek in flinke opbringst, mei de appels is it minder. Partikulieren en biologyske kwekers hawwe flink lêst hân fan rûpen.