Ynnovaasjesintrum foar iten

23 aug 2011 - 19:42

Libbensmiddele-bedriuwen yn Noard-Nederlân sille gearwurkje yn in ynnovaasjesintrum. De provinsje en it projektburo A7 stekke 50.000 euro yn de oprjochting fan sa'n sintrum. Dêryn sille de ôfdielings foar kennis- en produktûntwikkeling fan de bedriuwen gearwurkje.

Doel is om mei elkoar earder nije produkten op de merk bringe te kinnen. It ynnovaasjesintrum is in inisjatyf fan fetferwurker Royal Smilde fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)