Opsterlân siket nei nije paden

De gemeenten Opsterlân en Hearrenfean sille ûndersykje wat de gefolgen foar har binne as yn 2013 net langer it Ryk, mar de gemeente ferantwurdlik makke wurdt foar de útfiering fan de AWBZ en jeugdsoarch. Der sil op dy twa taken ek flink besunige wurde. Undersocht wurdt hoe grut de gefolgen dêrfan binne en hoe't der noch goede soarch levere wurde kin oan ynwenners.
By it ûndersyk wurde ek soarchynstellings en maatskiplike organisaasjes belutsen.