Seehûnejong wer by famylje

23 aug 2011 - 14:17

It ferstjitten seehûnejong 'Lucky'fan bistepark AquaZoo is tiisdei mei sukses werom by har famylje loslitten. De seehûn waard 18 juny sûn berne, mar de mem woe neat fan it jong witte. Dêrom waard it bistje achter de skermen mei de hân grutbrocht.

Omdat it jong goed groeid is en selsstannich yt, waard besocht it by de heit en mem en suster los te litten. Dêrby wie it noch spannend oft de mem it jong no wol akseptearje soe, mar dat is goed slagge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)