20 himpfjilden yn de mais

23 aug 2011 - 13:52

De Fryske plysje hat op in grut tal plakken yn de Stellingwerven himpplantaazjes yn maisfjilden fûn. It giet om 20 fjilden yn East- en West Stellingwerf. De plysje hat de kontrôles útfierd neidat se foarich jier al tipt wienen troch boeren. Der is mei in helikopter socht om de plantaazjes en der binne foto's makke fan fertochte plakken yn it lân.

Der stiene meielkoar 700 planten yn de maisfjilden. De plysje wol yn de takomst faker sa kontrolearje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)