Alde bylden oer de fleanbasis

Op de webside fan Definsje is in âlde film te sjen oer de fleanbasis Ljouwert. It giet om in wervingsfilm út 1957. Op de bylden is te sjen hoe't it doe om en ta gie op de fleanbasis. Der binne ek opnamen fan fleantugen út dy tiid, lykas de F84F Thunderstreak, Hawker Hunters en de North American F-86K Sabre.
Fierder is te sjen hoe't de brânwacht en de meteorologyske tsjinst op de basis wurkje. Definsje hat mei elkoar 15 films op ynternet set.