Televyzjes op 'e dyk yn Harns

De plysje siket tsjûgen fan in ynbraak yn in hûs oan de Galjoenwei yn Harns. In foarbygonger seach dêr moandeitejûn twa televyzjes op de dyk stean. Dy wiene nei alle gedachten troch de ynbrekkers klearsetten om mei te nimmen.
Ut ûndersyk troch de plysje die bliken dat in rút fan de wenning fernield wie om binnen te kommen. De bewenners wiene it hiele wykein fuort.